Toskedokterspraktyk

Underweis

Toskedokterspraktyk Underweis komt by jo lâns Skilje foar in ôfspraak nei: 06-5047 0075

As jo net as hiel min rinne kinne en dus hiel dreech by de toskedokter komme kinne en derby komt ék noch lêst fan de mûle by, dan is dêr in oplossing foar jo probleem. Toskedokterspraktyk Underweis út Mullum kin jo êk thús behannelje.

 

It makket einliks neat út, hokker probleem jo hawwe. Keunstgebit, fulling, kroan, senuwbehanneling, toskstien, it kin allegear. Toskedokter Jellema komt mei in buske del, dêr wurde jo net yn behannele. It fynt plak by jo yn hûs.

 

Om't drokker en drokker wurdt, wurkje ik gear mei in mûlehygieniste, har namme is Baukje de Jong út Boalsert. Sy docht faaks de kontroles foar my. Jo kinne har hjir fine op www.mondhygienistteplak.nl

Wer komt de Toskedokter Underweis? Op hokker wize wurket de Toskedokter Underweis?

Yn grutte halen moat jo rekkenje dat it wurkgebiet fan Toskedokterspraktyk Underweis oan´t 25 kilometer fan út Harns rekkene, grut is. Der wurdt ek wol in heal oere reistiid as grins oanjûn. In oare betingst is dat de auto goed parkeard wurde kin.

De toskedokter hat mear as 25 jier ûnderfining. Hy is went kreatief te wurkjen, wat ek nedich is as de mûle wat minder fleksibel wurden is. Net mear dwaan as nedich is. As de famylje graach derby oanwêzich wêze wol, dan kin dat.

Skilje as skriuwe foar in ôfspraak Taryf 2016

Spitich genôch kin de tillefoan net altiid opnommen wurde. Sprek dan jo namme en tillefoannûmer yn.

 

Dan wurde jo wêrom skille. Graach wol ik witte it saneamde BurgerServiceNummer (BSN) en yn it gefal dat dit needsakelyk is, de namme fan de kontaktpersoan(en) mei harren tillefoannûmer.

 

Jo kinne fansels ek in eamel stjoere. Sjoch dan op de lêste side fan dizze web-side of klik hjir.

En wolle jo it leafst pen en papier brûke wolle, dat kin ek, jo stjoere dan it bryfke nei:

 

Toskedokterspraktyk Underweis

Frisia 42

8801 PP Franeker

It taryf is € 13,84 per 5 minuten, dat wol sizze:

€ 166,10 yn it oere.

Toskedokterspraktyk Underweis

Frisia 42

8801 PP Franeker

Contact

(06) 50 47 00 75

 KvK-nummer

 01138888

Toskedokterspraktyk Underweis komt by jo lâns Skilje foar in ôfspraak nei: 06-5047 0075
Wer komt de Toskedokter Underweis? Op hokker wize wurket de Toskedokter Underweis?
Skilje as skriuwe foar in ôfspraak Taryf 2016