Toskedokterspraktyk

Underweis

Toskedokterspraktyk Underweis

Frisia 42

8801 PP Franeker

 KvK-nummer

 01138888

nei haadkar
Soarchfersekerder en praktyk

Toskedokterspraktyk Ûnderweis is in mobile tandartspraktyk. De praktyk komt nei de pasjent ta.

De pasjenten moatte oan in tal betingsten foldwaan om yn de praktyk inskreaun wurde te kinnen:

  1. De kondysje fan it lichem is sa, dat it paad nei de behandelstoel tige dreech is;
  2. De geastlike gesteldheid stiet in behanneling yn in gewoane hûspraktyk yn it paad;
  3. De kombinaasje fan lichamelijke en geastlike kondyske stiets behanneling yn in gewoane hûspraktyk yn it paad;
  4. In sûne pasjent mar mei ekstreme eangst foar de toksedokter.

Út en troch komt der in pasjent dy’t it wol maklik fynt dat wy oan hûs komme. Dit wurdt by de earste oanmelding ôfwiisd. Wit dizze pasjent ús te oertsjoegjen en blykt by de earste besite dochs dat it gemak foarop stiet, dan is de boadskip ek dan om in gewoane praktyk op te sykjen.

 

It behannelplan kin wol ris ôfwike fan de gebrûkelike dingen fan in gewoane praktyk. Dêr foar yn de plak sjogge wy foaral nei wat in pasjent oan kin, en wat it ferwurkingstempo is.

 

Bygelyks, in totaal ekstraksje mei in folsleine protese kin temporiseard wurde; de oanpassing fan in partiele protese, dy dan úteinlijk wol in folsleine protese wurdt. By de iene pasjent wurdt oan in gebitselement in woartelkanaalbehanneling dien, wylst yn in ferlykbere sitewaasje by in oare pasjent it element lutsen wurdt.

 

It meast brûkte fulmateriaal is in glasionomeercement. Yn ferlyking mei composiet is dit bot cariesremjend. Ek brûke wy Biodentie hyltyd mear, hjirmei sparje wy in soad woartelkanaalbehannelingen út.

 

Wy besykje sa doelmjittich te wurkjen en sa folle mooglik pasjenten-oeren te meitsjen. De administraasje jouwt derby foldwaande ynformaasje oer de fuortgang fan de behanneling en hoe de pasjent it erfaren hat.

 

Wy wolle sa folle mooglik pasjenten op ien dei behannelje kinne. Dêrom dogge wy oan routeplanning. Op ien dei behannelje wy, ôfhinklik fan it type behanneling, 6 oant 9 pasjenten.

 

 

Contact

(06) 50 47 00 75