nei haadkar
Pasjent en praktyk

Wy binne der foar jo en jo famyljelid, as it paad nei in gewoane toskedokterpraktyk sa dreech is, dat it in útkomst is as de toskedokter by jo thús komt.

 

Toskedokterpraktyk Ûnderweis is in praktyk yn in bus dy’t, krekt as alle oare praktyken, alle folle foarkommende behannelingen by jo thús útfiere kin. Jo kinne tinke oan: kontroles, foto’s, tandsteen fuorthelje, fullingen, kronen meitsje, of kronen fêstsette, woartelkanaalbehannelingen, lûke, keunstgebit meitsje of opfulle. Ek drûge mûle-problematyk nimme wy hiel serieus.

 

Per sitewaasje sjogge wy wat it meast nedich is. It wichtigste doel is it stabilisearjen fan de mûle-sitewaasje. Der binne foar ús gjin standaard-behannelingen. (Ik sis wolris spottend “ik ha der gjin ferstân fan!”). It is elke kear wer oars.

 

As jo yn in WLZ-ynstelling wenje (ferpleechhûs), dan is der wettelik al in soad foar jo regele. As jo thús wenje, of yn in soarchynstelling (âldereinhûs), dan fallo jo ûnder de Zorgverzekeringswet (ZVW) en moat der faaks fan alles regele wurde.

 

Op dit moment (2019) is it it wichtigst dat jo in ferwizing fan de húsdokter nei de toskedokter krije. Dêr freget de soarchfersekerder om.

 

Foar ús is it it noflikst as jo it kontakformulier sa folledich mooglijk ynfulle. De ynspeksje (IGJ) stelt in soad easken oan ús, en derby kinne wy net sûnder de help fan de pasjent. In toskedokter wol foarl witte as der keunstkleppen yn jo hert sitte, of der allergieën binne, en hokker medisinen der nommen wurde. By medisinen is de toskedokter benammen ynteressearre yn bloedverdunners.

 

Ha jo fragen, oer de behanneling, oer de soachfersekerder, oer de te ferwachtsjen pine, of wat dan ek: FREEGJE IT!

 

Skjinnens

It ynstrumentarium dat wy brûke is ferpakt steriliseard. Dêrfoar is it yn in medyske ôfwaskemasine west, wêr by in temperatuur fan 93 graden Celsius de boel skjin wosken wurdt. Jo sjogge dat wy de ferpakte doaske út in kastke pakke dêr’t in grien doarke foar sit (de skjinne kant). Nei ôfrin fan de behanneling pakke wy it doaske wer yn. De binnenkant fan de pûde dêr’t it doaske yn komt mei wol smoarch wurde mar de bûtenkant net. Dêrnei stoppe wy dit yn in kastke mei in read doarke (de smoarge kant). Sa is de kâns it lytst dat smoarch ynstrumentarium it skjinne ynstrumentarium besmet.

 

Yn de bus stiet ek noch in fergassingsapparaat, dat de romte yn d ebus dêr’t de kasten steane, desynfektearret. Op dizze wize prebearje wy it besmettingsrisiko sa lyts as mooglik te hâlden.

 

Toskedokterspraktyk

Underweis

Contact

(06) 50 47 00 75

Toskedokterspraktyk Underweis

Frisia 42

8801 PP Franeker

 KvK-nummer

 01138888